Jorrit Bergsma: "Ik wist dat de foarm groeiende wie"

It koe foar Jorrit Bergsma snein eins net op: hy pakte syn fiifde nasjonale titel op de tsien kilometer en dat die er boppedat yn in nij baanrekôr yn in fol Thialf. "It is myn earste baanrekôr hjir, dus dat is hiel spesjaal."
Jorrit Bergsma
En ek nei al dy oare titels bliuwt it earerûntsje bysûnder, sei Bergsma. "In Nederlânske titel is in hiel moaie priis om te winnen."

Einigje mei 29-blank

It wie ien fan de bêste tsien kilometers dy't Bergsma yn syn karriêre riden hat, fûn er sels. "It wie in hiel goede rit. Ik koe echt ôfbouwe oant de ein. En dan einigje mei 29-blank, sa ha ik in tsien kilometer noch noait einige."
Dat smiet dus in nij baanrekôr op. De 12.43.70 wie mear as in sekonde rapper as it âlde baanrekôr fan Sven Kramer, dy't de ôfstân op 28 desimber 2013 yn 12.45.09 ried. "Ik ha noait mei it baanrekôr dwaande west", sei Bergsma. "De kwalifikaasje foar de WK ôfstannen is it wichtichste." Dêr meie allinnich de twa rapsten op de 10 kilometer nei ta.

Foarm is groeiende

Bergsma hie al yn de gaten dat der in goede tiid yn siet. "Ik wist fan mysels dat de foarm groeiende wie. De 5 kilometer fan freed wie ek al in hiele bêste. Ik bin no mear útrêst as in pear wiken lyn. We groeie hieltyd fierder en dan komt der sa'n rit út."
No op nei it folgjende doel, want wat wol Bergsma noch mear? "Wrâldkampioen, haha. Dêr wurkje we no nei ta."