Plysje Ljouwert nimt fjoerwurk yn beslach

De plysje yn Ljouwert hat op twa plakken grutte hoemannichten fjoerwurk yn beslach nommen.
Ut in skuorke yn de Wielenpôle hat de plysje 140 kilo oan fjoerwurk meinommen. Yn dy saak wurdt in 24-jierrige frou as fertochte heard.
Ek by it Julianapark naam de plysje fjoerwurk yn beslach. Dêr gie it om fjirtich nitraten. Twa persoanen fan 17 jier binne heard as fertochte.