Wüst wint ek NK-goud op 1000 meter, sulver foar Antoinette de Jong

30 des 2018 - 17:06

Ireen Wüst hat sneintemiddei op it NK ôfstannen yn Thialf goud wûn op de 1000 meter. Wüst ried in tiid fan 1.14.86. Earder dit wykein wie de reedrydster fan It Hearrenfean ek al de rapste op de 1500 meter. It sulver op de 1000 meter gie nei Antoinette de Jong fan Rottum. Sy ried mei 1.15.27 in nij persoanlik rekôr. De brûnzen medalje wie mei 1.15.31 foar Jutta Leerdam.

Ireen Wüst

De gouden en sulveren medalje foar respektyflik Wüst en De Jong jouwe rjocht op in startbewiis foar it WK ôfstannen yn Inzell.

Antoinette de Jong

De top-fiif fan snein pleatst har ek foar de restearjende wrâldbekers. Dêrfoar wie Letitia de Jong krekt fluch genôch. De reedrydster fan Feanwâlden ried 1.15.56 en waard dêrmei, mei in foarsprong fan 0.06 sekonden op Lotte van Beek, fiifde.

Letitia de Jong

Smit net nei EK sprint

Nederlânsk kampioene op de 500 meter, Janine Smit, ried in nij persoanlik rekôr (1.16.39), mar sil dochs in bytsje teloarsteld weromsjen op de 1000 meter. De 27-jierrige reedrydster fan It Hearrenfean hope har te pleatsten foar it EK sprint yn it Italiaanske Collalbo, mar sy einige yn it kombinaasjeklassemint oer de 500 en 1000 meter op it fjirde plak. Allinnich de top-trije fan dat klassemint mei nei it sprinttoernoai. Letitia de Jong, Jutta Leerdam en Sanneke de Neeling hawwe harren wol pleatst.

Noch mear Friezinnen

Sportfrou fan it Jier en olympysk kampioene op de 1000 meter shorttrack Suzanne Schulting koe it snein op de lange baan net opbringe. Schulting ried 1.17.15 en waard dermei trettjinde. Ek Femke Kok fan Nij Beets (1.16.46), Sanne van der Schaar fan Harns (1.16.95), Helga Drost fan Akkrum (1.17.32) en Michelle de Jong fan Rottum (1.18.35) koene net meidwaan om de prizen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)