Alles falt teplak foar Carien Kleibeuker troch in wykje yn Inzell

30 des 2018 - 16:16

"Ik had een beetje een valse start, maar langzaamaan valt alles op z'n plek." Carien Kleibeuker begûn it seizoen net goed, mar snein pakte se sulver op de NK ôfstannen op de 5000 meter. En dat komt, sei se nei har race, allegear troch in wykje yn Inzell.

Carien Kleibeuker sulver NK 5000 meter

"Daar waren we kortgeleden en we gingen eindelijk lekker schaatsen", fertelt Kleibeuker. Hoe wie it earder dit seizoen dan? "Ik had het gevoel dat ik aan het werk was. De hele tijd stevig rijden, snel naar de training, snel dit, snel dat." Yn Inzell wie it oars. "Daar was het gewoon relaxed, heerlijk. Eindelijk lekke schaatsen en dat is waarom ik het zo leuk vind. Dan zie je dat dat z'n vruchten afwerpt."

De 40-jierrige Kleibeuker is njonken har reedrydkarriêre tsjintwurdich ek oan it wurk. Dat is net ideaal foar har prestaasjes op it iis. "Dat wist ik natuurlijk van tevoren en het is een hele uitdaging op zich. Maar op een gegeven moment, aan het begin van het seizoen, merkte ik dat de combinatie niet zo heel lekker liep."

Mear tiid foar it reedriden

Gelokkich krijt se fan har wurk de rûmte om mear tiid foar it reedriden te nimmen. "Ik heb ontzettend leuke collega's en werk bij een leuk bedrijf. Ik heb nu onbetaald verlof gekregen en kan heel lekker schaatsen." It wurk stiet dus even op in leger pitsje en dat docht fertuten. "Anders had ik hier zeker niet gestaan!"

Allinnich regearjend olympysk kampioene Esmee Visser wie snein rapper as Kleibeuker, dy't noch nea sa hurd riden hie yn Thialf. "Ik wist dat ik niet harder kon, dus ik was al ontzettend blij met m'n rit", sei Kleibeuker.

Woansdei gewoan oan it wurk

Troch har twadde plak mei se ek nei de WK ôfstannen, begjin febrewaris yn Inzell. Dêrnjonken rydt se ek de maratons. Hoe sil se dat dwaan mei har wurk? "Een heleboel van m'n collega's waren hier. Woensdag is het 2 januari toch? Dan ga ik gewoon aan het werk en overleggen wat er allemaal mogelijk is. Maar m'n collega's zijn heel trots, dus het komt vast goed."

Ien ding is wis: tiisdei stiet Kleibeuker oan de start by it NK maratonriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)