Bergsma yn baanrekôr nei Nederlânske titel op 10.000 meter

30 des 2018 - 15:56

Jorrit Bergsma hat sneintemiddei yn Thialf de Nederlânske titel op de 10.000 meter wûn. De reedrider fan Aldeboarn die dat yn in nij baanrekôr: 12.43.70. De Fries wie dêrmei Patrick Roest te fluch ôf. De kroanprins fan it Nederlânske reedriden ried 12.50.86. It brûns gie nei Douwe de Vries fan It Hearrenfean, yn in persoanlik rekôr fan 12.56.61.

Jorrit Bergsma

Bergsma en Roest rieden yn de fjirde rit tsjininoar. Beide mannen gongen lang lyk op, mar mei in machtige fersnelling naam de Fries ôfstân fan Roest. Dat smiet úteinlik dus in baanrekôr op. De 12.43.70 wie mear as in sekonde rapper as it âlde baanrekôr, dat yn hannen wie fan Sven Kramer (12.45.09). Kramer notearre dy tiid op 28 desimber 2013.

Jorrit Bergsma nei syn baanrekôr - Foto: www.orange-pictures.nl

Mei syn gouden medalje hat Bergsma him ek pleatst foar de WK ôfstannen yn Inzell. Ek it twadde plak fan Roest jout rjocht op in startbewiis foar dat toernoai yn febrewaris. In plak by de earste fiif smyt in startbewiis foar de wrâldbeker op en dus kin Douwe de Vries dy, tegearre mei syn brûnzen medalje, yn 'e bûse stekke.

Gjin prizen foar de bruorren

Bob de Vries foel mei 13.06.21 bûten it poadium en waard fjirde. Hy pakte dêrmei wol in startbewiis foar de wrâldbeker. Syn broer Bart de Vries koe yn Thialf gjin potten brekke. De 30-jierrige reedrider ried 13.30.06 en einige dêrmei op it tsiende en lêste plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)