Vitens: wettersteuring om seis oere jûn foarby

30 des 2018 - 15:44

Wetterbedriuw Vitens seit dat de wettersteuring, dy't in grut part fan benammen de súdwesthoeke fan de provinsje treft, foarby is. Om 18.00 oere soe elkenien wer wetter ha moatte en is de wetterdruk ek wer goed. Omdat it om sa'n grut gebiet giet, duorret it wat langer as normaal.

Minsken kinne noch wol even lêst ha fan in protteljende kraan. Mooglik komt der earst brún wetter út de kraan. "Draai dan de kraan open en laat het water lopen tot het weer helder is", advisearret Vitens. "Dit duurt meestal niet lang. Bruin water ziet er niet fris uit, maar is niet schadelijk voor uw gezondheid."

Oarsaak: stroomsteuring yn Tsjerkgaast

De problemen waarden feroarsake troch in koarte stroomsteuring sneintemoarn yn Tsjerkgaast. Dy duorre net hiel lang, mar hat wol it fabryk fan Vitens yn Spannenburch troffen. "Toen hebben we ons noodaggregaat aangezet en was de drinkwatervoorziening weer hersteld. Maar de stroomstoring heeft ook schade aangericht aan onze technische installaties. Dat heeft er voor gezorgd dat er sinds 13.30 geen water meer is."

En dat giet om in grut gebiet: "Spannenburg is een van onze belangrijkste drinkwaterproductielocatie's in Fryslân en daar heeft een vrij groot gebied nu last van." Dêrby giet it om plakken as De Jouwer, Snits, Akkrum en Balk en de omjouwing.

Vitens-wurdfierder Judith Zuiderhout

Minsken yn ûnder oare Snits nimme it wisse foar it ûnwisse: it is drok yn de supermerk by it rim mei wetter.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
Trefwurden: 
Vitens wettersteuring
(advertinsje)
(advertinsje)