Kleibeuker wint sulver op 5000 meter NK ôfstannen

30 des 2018 - 14:13

Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean hat sneintemiddei yn Thialf op it NK ôfstannen in sulveren medalje wûn op de 5000 meter. De 40-jierrige reedrydster ried 6.53.97. It goud gie nei Esmee Visser, dy't mei 6.49.49 mar 0.18 sekonden boppe it baanrekôr siet. Carlijn Achtereekte pakte it brûns mei 6.56.06.

Carien Kleibeuker sulver NK 5000 meter

De sulveren medalje smyt Kleibeuker in startbewiis foar it WK ôfstannen yn Inzell op. Antoinette de Jong slagge der net yn om sa'n ticket te bemachtigjen. De reedrydster fan Rottum waard fjirde yn in tiid fan 6.59.86. Dat wie wol genôch foar in startbewiis foar de restearjende wrâldbekerwedstriiden op de 5000.

Antoinette de Jong nei 5000 meter

Opnij teloarstelling foar Anema

De 5000 meter einige foar Reina Anema fan De Gordyk, lykas de 3000 meter op sneon, yn in teloarstelling. De 25-jierrige Anema ried 7.05.33 en waard dêrmei sechsde. It ynternasjonale seizoen fan Anema is dêrtroch yn prinsipe klear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)