PODCAST: Teätermakker Tjerk Ridder en ezel Lodewijk
"Er is veel onverschilligheid in deze wereld", sa fynt teätermakker Tjerk Ridder fan Utrecht. Fan it simmer reizge hy mei syn ezel Lodewijk troch Fryslân. Fan dizze ûnferskillichheid hat hy lykwol hielendal neat fernaam op syn pylgertocht. "Ik ben onder de indruk van de gastvrijheid die ik ben tegengekomen."
Teätermakker Tjerk Ridder fertelt oer syn reis mei ezel Lodewijk
Sa ek by soarchynstelling Talant yn Boalsert, dêr't er foar ien nacht syn tinte opsette. Hy wie koartlyn efkes werom yn Boalsert mei in ferrassing: in spesjaal makke ezelsbankje. Hy hopet dat de kliïnten, de âlderein dy't ek yn it appartemintekompleks wenje en de rest fan de buert, inoar faker moetsje troch it bankje.
Sa gastfrij
Tjerk fynt it opfallend dat yn ús 'gehaaste maatschappij', rjochte op sukses en wolfeart, minsken sa gastfrij foar him en Lodewijk wiene, mar hat der ek wol in ferklearring foar. "De schoonheid en ontroering zit in de alledaagse ontmoetingen tussen mensen."
De teätermakker hat in foarstelling makke, basearre op syn belibbenissen ûnderweis. De foarstelling hjit 'Bonne Route'.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.