Wettersteuring treft grut part fan Fryslân

30 des 2018 - 10:46

Rûnom yn Fryslân hawwe minsken sûnt sneintemoarn te krijen mei lege wetterdruk. De problemen liken om it middeisoere hinne oplost, mar noch hieltyd sitte guon plakken yn Fryslân sûnder wetter. It giet benammen om de súdwesthoeke fan de provinsje. Neffens in wurdfierder fan Vitens binne se drok dwaande de problemen op te lossen.

Hânnen waskje - Foto: Shutterstock.com

Om healwei alven hinne waarden de problemen feroarsake troch in stroomsteuring by it stasjon yn Spannenburch. It probleem like tydlik oplost mei in needaggregaat, mar der binne noch hieltyd problemen dy't oplost wurde moatte. Hoelang't dat noch duorret, koe de wurdfierder fan it wetterbedriuw net sizze.

Stroomsteuring

Netbehearder Liander melde sneintemoarn al dat ûnder oaren de plakken De Lemmer, Jiskenhuzen en Sint-Nyk fan 'e stroom ôf wiene. Ek yn Follegea en Wâldsein moasten minsken it sûnder stroom stelle.

Sikehûs Antonius: gjin problemen

Sikehûs Antonius yn Snits lit witte dat sy noch gjin hinder ûnderfine fan de problemen. Wol freegje se de pasjinten, foar de wissichheid, om sunich oan te dwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)