Plysjekontrôles: gjin rydbewiis en ûnder ynfloed

30 des 2018 - 10:27

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn en om Ljouwert meardere automobilisten kontrolearre. In 33-jierrige man út de stêd foel troch de koer; hy ried sûnder rydbewiis en krige dêrfoar proses-ferbaal. It wie al de twadde kear dat er trappearre waard.

In dei earder kontrolearre de plysje in autobestjoerder by de Skrâns yn 'e stêd. Nei in test die bliken dat de 20-jierrige man ûnder ynfloed fan THC wie. De plysje hat oan it buro noch in bloedproef ôfnommen.

Foto: ANP
Trefwurden: 
plysje Ljouwert kontrôle
(Advertinsje)
(Advertinsje)