Duet Net Als Jij: in jier nei it ferstjerren fan Hanneke

30 des 2018 - 09:30

Hast it fêst wolris foarby kommen heard by Omrop Fryslân: Net Als Jij. In duet fan Syb van der Ploeg en Hanneke Vulperhorst. It is in ferske mei in bysûnder ferhaal. Hanneke wie slim siik en is ôfrûne sneon in jier ferlyn ferstoarn.

Foto: Omrop Fryslân

Presintatrise Diana de Groot yn petear mei de âlden fan Hanneke yn Sneon yn Fryslân

Sneontemiddei wiene de âlden fan Hanneke te gast yn it programma Sneon yn Fryslân fan Diana de Groot. "Ze knokte voor wat ze waard was om gewoon te zijn", fertelde Tineke Vulperhorst. "We hebben het al het hele jaar over mienskip, daar gaat dit liedje eigenlijk over."

In freon fan de famylje skreau it nûmer foar har. "Sybs dochter was een goede vriendin van Hanneke; zodoende zijn ze samen het nummer gaan zingen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)