Wat hat de Friezen dwaande hâlden yn 2018?

30 des 2018 - 08:04

As we weromtinke oan 2018, komme der as fansels in pear grutte mominten nei boppe ta. In soad fan dizze mominten sille mei Kulturele Haadstêd te krijen hawwe. 2018 wie in jier fan in soad hichtepunten, mar Fryslân hat ek djiptepunten meimakke. En de sjoggers en harkers fan Omrop Fryslân hawwe mei in soad saken meilibbe. Dat is werom te sjen yn de besikersoantallen op de webside, en de artikels dy't de minsken oanklikt hawwe. Yn it lêste wykein fan 2018 sjocht de onlineredaksje werom op de meast lêzen berjochten fan 2018: wat hat ús rekke? En wêr waarden wy mei ús allen blier fan?

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Hy wie al in winner yn augustus, en no ek yn desimber stekt er mei kop en skouders boppe de rest út: Maarten fan der Weijden. De hast ûnmooglike swimaksje fan de olympysk kampioen, om yn ien kear by alle alve stêden del te swimmen, hat Fryslân bot dwaande hâlden. De liveblog fan syn aksje is fierút it bêst lêzen artikel fan it jier. Mear as 200.000 kear is it artikel oanklikt.

Reuzen, blokkearders en keatsen

In stikje dêrefter folget de liveblog fan de earste dei fan de besite fan de trije Reuzen oan Ljouwert. Minsken hawwe yn tusken de 100.000 en 150.000 kear it liveblog tsjekt om te sjen hoe't it gie mei ûnder oare it treinferkear, de rûte fan de Reuzen en eventuele kalamiteiten (dy't der úteinlik net wiene).

Liveblogs dogge it sawiesa goed. Njonken dy fan Maarten van der Weijden en de Reuzen fan Royal de Luxe, binne ek de ferskate liveblogs fan de rjochtsaak tsjin de A7-blokkearders, en de sportblogs fan de PC yn Frjentsjer en de Freulepartij yn Wommels goed besjoen.

De fertrietlike kant fan 2018

It jier 2018 brocht ús njonken hichtepunten ek tige fertrietlik en min nijs. It jier begûn mei de grutte skok dat it lichem fan de fermiste Remon Bruinsma fûn wie yn de Prinsetún fan Ljouwert. De hele provinsje hie wikenlang meilibbe, en meisocht om de jonge. Yn de sifers is ek werom te sjen dat it deadlike ûngelok op in boerehiem by Tsjom in soad Friezen rekke hat.

In slim ûngelok by Tsjummearum yn july fan dit jier, wêrby't twa jonge minsken swierferwûne rekken, wie ek in nijsberjocht dat in grutte ympakt hie.

Opfallende saken

De besikers fan Omrop Fryslân wurde útsplitst nei de webside en de app. Dizze lêste wurdt benammen brûkt op de mobile telefoan, mar bygelyks ek op tablets.

Tusken de twa groepen binne ek grutte ferskillen te sjen. Sa is der yn de top 25 fan de desktopbrûkers in lang artikel werom te finen oer de twilling De Haan, dy't by de mobile brûkers net werom te sjen is. De bruorren De Haan waarden yn maaie fan dit jier slim mishannele op in feest yn Froubuorren. Sy diene wiidweidich har ferhaal fan de skokkende mishanneling dêr't se slachtoffer fan wurden wiene.

Wat alle brûkers njonken LF2018-aktiviteiten ek tige nijsgjirrich fûnen, wie de froast fan begjin maart. It artikel mei in oersjoch fan alle iisbanen dy't iepen wiene, waard foaral op de Android en Apple-telefoans in soad lêzen. Tsientûzenen kearen hawwe minsken it kaartsje yn it artikel tsjekt om te sjen wêr't de izers ûnderbûn wurde koene.

De folsleine top 10 fan de twa grutste brûkersgroepen kinst hjirûnder fine.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân 2018 weromsjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)