Flammen út motorkape fan parkearre auto yn Ljouwert

30 des 2018 - 07:12

De brânwacht fan Ljouwert moast sneintemoarn betiid útride foar in autobrân. Oan de Aggemastate yn de wyk Cammingabuorren kamen flammen út de motorkape fan in parkearre auto. In tal ynwenners seach de brân en koe sels begjinne it fjoer út te meitsjen.

Mei help fan de brânwacht is dêrnei fierdere eskalaasje foarkommen. Neffens de plysje is de brân nei alle gedachten ûntstien troch brânstichting. De forinsyske tsjinst fan de plysje hat in technysk ûndersyk ynsteld.

Foto: CAMJO Media
Trefwurden: 
Ljouwert brânwacht autobrân
(Advertinsje)
(Advertinsje)