Antoinette de Jong wer kampioen, mar "ik kin noch folle hurder"

Antoinette de Jong pakte sneon yn Thialf har twadde nasjonale titel op de 3000 meter yn in tiid fan 4.00.64, mar it kin neffens de Rottumse noch better. "Op in stuit giet yn myn holle in knop om nei de fjochtstân", sei De Jong. "Dat moat ik wat langer útstelle, dan kin ik noch folle hurder."
Antoinette de Jong
De Jong wie freed noch net hielendal tefreden, want doe 'rekke' se se net goed. Dat wie sneon oars. "It fielde alwer in stik better. Doe't ik op it middenterrein stie, fûn ik it kâld, mar dat is allinnich mar goed, want dêr wurdt it iis hurder fan. No rekke ik se ek goed, dus dêr bin ik bliid mei."
It is dus har twadde titel op de ôfstân en der is yn ferliking mei in jier lyn wol wat feroare. "Fielst dat de minsken wat fan dy ferwachtsje, it komt net mear út de loft fallen", seit De Jong. "En ik ferwachtsje ek wat fan mysels."

Tsjinstân nedich

De Jong ried sneon yn har rit al gau fuort fan Esmee Visser. "Ik tocht dat se der miskien wat langer ûndertroch komme soe en dat we der sa in race fan meitsje koene, mar ik wie har nei de earste ronde al kwyt. Dat wie wol spitich." De Jong skrok sels ek in bytsje fan har rappe start. "Ik tocht: shit, ik wol dy lêste twa rûntsjes ek noch hurd ride. Dan ha ik in tsjinstanner nedich, mar dy wie der dus net."
De titel is foar De Jong net genôch. Se wol hurder. "Ik hie hiel graach it baanrekôr werom pakke wollen. Oan de oare kant: krekt boppe de 4 minuten, dat jout ek wol fertrouwen. En ik wit dat it hurder kin, dus moai om mei dat foarútsjoch hurd te trainen nei it EK allround." Dat kampioenskip is fan 11 oant en mei 13 jannewaris yn Collalbo, Italië.
Dy kont moat gewoan nei ûnderen.
Antoinette de Jong
De Jong wit ek hóe't se hurder kin: "Dy kont moat gewoan nei ûnderen. As ik dat langer folhâld, dan kin ik noch folle hurder. Ik moat de fjochtstân wat langer útstelle. Yn de training wol dat wol, mar yn de wedstriid noch net altyd. Dêr wol ik my yn ferbetterje."