Bekeuringen yn Ljouwert foar te betiid ôfstekken fjoerwurk

29 des 2018 - 22:14

Stedstafersjoch Ljouwert hat freed en sneon yn totaal seis bekeuringen útdield fanwegen it te betiid ôfstekken fan fjoerwurk.

Boppedat ha se yllegaal fjoerwurk fûn yn de buert fan it WTC en by it Julianapark. Dat is oerdroegen oan de plysje.

Fjoerwurk ôfstekke mei tusken âldjiersdei 18.00 oere en 1 jannewaris 02.00 oere. Wa't him dêr net oan hâldt, kin in boete fan 100 euro krije. Bern tusken de 12 en 18 jier krije in Halt-straf.

Trefwurden: 
Ljouwert fjoerwurk bekeuring
(Advertinsje)
(Advertinsje)