UPDATE: Auto rydt tsjin beam op by Sânhuzen, ien ferwûne

29 des 2018 - 22:20

Op de N353, de Aldeberkeapsterwei, hat sneontejûn tusken Aldeberkeap en Sânhuzen in auto-ûngelok west. De bestjoerder is tsjin in beam op riden.

Foto: De Vries Media

By it ûngelok rekke in persoan, mooglik de bestjoerder, beknypt en ferwûne. De auto is swier skansearre. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik.

De brânwacht fan Noardwâlde, in ambulânse en ferskate plysjes binne oproppen. De N353 út de rjochting fan de Stellingewei is ôfsletten.

Trefwurden: 
auto-ûngelok Sânhuzen
(Advertinsje)
(Advertinsje)