De Cneudt takom jier mei Lutgerdina Smeltekop yn lytse A fan IFKS

29 des 2018 - 21:38

Skipper Bernd de Cneudt en syn bemanning sile tenei net mear mei it skûtsje de Eemlander. Under de namme Skûtsje Vereniging Eemland ha se wol in oar skûtsje oerkocht: de Lutgerdina Smeltekop. Dêrmei sille se sile yn de lytse A-klasse fan de IFKS.

De Lutgerdina Smeltekop yn 2016, doe't Andries Honing de eigener wie - Foto: Martin de Jong

De Lutgerdina Smeltekop waard yn 1904 boud op de werf De Nijverheid yn Drachten. De doetiidske opdrachtjouwer wie Hendrik Annes Bosgra fan Burgum. Sûnt 1988 is Andries Honing út Huizen de eigener, mar hy ferkeapet it no dus oan de âld-bemanning fan De Eemlander.

Yn 1982 waard Nico Hoek mei de Lutgerdina Smeltekop kampioen fan de earste IFKS. In jier letter wie er wer de bêste.

Dream dy't útkomt

Skipper De Cneudt neamt de oankeap in dream dy't útkomt. "Ik ben bijna op dit historische schip geboren." De kommende jierren wol de bemanning it skûtsje sa bouwe dat se yn de lytse A-klasse meidwaan kinne om de prizen.

De Cneudt hat yn de ôfrûne trije jier mei de Eemlander fjouwer dei-oerwinningen behelle yn dy klasse. Dit jier waard er fiifde yn it einklassemint, yn 2017 twadde en yn 2016 fjirde.

Renovearje

Yn dizze winter sille de nije eigeners fan de Lutgerdina Smeltekop al oan de slach. It skûtsje wurdt langer: fan 15.65 meter nei 17.09 meter. Dat is nedich, sizze se, om de kommende jierren boppeyn meidwaan te kinnen. In jier letter wurdt it skip fierder renovearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)