Douwe de Vries mei nei it EK allround: "Dat is echt gjin treastpriis"

29 des 2018 - 20:55

It grutte doel fan Douwe de Vries by de NK ôfstannen yn Thialf wie pleatsing foar de WK ôfstannen. Dat slagge freed net op de 5000 meter, mar nei in goede 1500 meter fan sneon (1.46.05) is de Feanster wol wis fan dielname oan it EK allround. "Dêr bin ik echt hiel bliid mei", sei er. "It is echt gjin treastpriis of sa."

Douwe de Vries

"It is super om in EK allround te riden", fertelde De Vries. "Ja, it earste doel wie de WK ôfstannen. Dat is net slagge, dus doe moast ik no in hiel goede 1500 ride, want Marcel Bosker is in echte allrounder." Bosker wie de grutste konkurrint foar De Vries. Pleatsing foar it EK allround wurdt basearre op in kombinaasjeklassemint fan de 1500 en de 5000 meter. "En hy kin ek echt in hiel goede 1500 ride", sei De Vries oer syn konkurrint. "Dus ast dan in kear in mindere hast, wat echt wolris gebeure kin, dan rûgelest der ek samar wer út. Mar mei 1.46.0 wie ik dus echt bliid."

De Vries hie in foarsprong fan 0.57 op Bosker oerholden fan de 5000 meter. Dy foarsprong kaam net yn gefaar, want De Vries wie op de 1500 ek mear as in sekonde rapper. "Ik wit net wat syn persoanlik rekôr is, mar hy hie 1.45.3 ride moatten. Dat is foar him ek wol aardich oan de maat neffens my. Hy rêde it ek net, dus moai foar my."

Goed slagge

Freed baalde De Vries noch nei syn 5000 meter. Is syn toernoai no dochs slagge? "Ja, ik ha gewoan alles of neat dien. De 5000 wie eins fjouwer rûntsjes te lang, mar ik kin mysels neat ferwite. Ik ha alles jûn. Dan kinst allinnich mar de boel wer byelkoar rape en troch. Gelokkich is dat goed slagge."

Snein noch de 10

De Vries komt snein noch yn aksje op de 10 kilometer. "Roest, Bergsma en Kramer stekke alle trije yn goede foarm, dus dat wurdt lestich", seit De Vries oer syn kânsen. "Ik wol gewoan sels in goede 10 ride en wat dy jonges dogge, dêr ha ik dochs gjin ynfloed op." Op dat momint wist De Vries noch net dat Kramer de 10 kilometer sjitte lit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)