Lippenhuzen is syn keunstwurken lâns de dyk kwyt: "Sûnt freed is alles fuort"

29 des 2018 - 20:18

De keunstwurken oan de Trijehoek by Lippenhuzen binne fuort. "Der binne foarige wike wol minsken sinjalearre", fertelt Gerrit Prikken fan pleatslik belang. "Twa jonges en in âldere man makken oeral foto's fan. En sûnt freed is alles fuort en gjinien dy't wat sjoen of heard hat."

It byld fan de frou - Foto: Google Street View

Sûnt 2011 stiene se der, de keunstwurken. Doe waard de krusing fan de Trijehoek mei de Sweachsterwei oanpakt en is der in 'shared space'. Eartiids gie de tram by dy krusing del. Nei de werynrjochting wie der budzjet foar keunstwurken. Der binne doe twa andreäskrusen kaam, in byld fan in frou mei in tas, en in stjitblok, in konstruksje dy't normaal oan de ein fan in dearinnend spoar stiet.

Mar no sit Lippenhuzen dus sûnder de keunstwurken. Dochs hat Prikken wol hoop dat se wer terjochte komme. "We tinke oan in âldjiersstunt", seit er. Dat hopet er ek: "Want oars sil it wol by it âld izer belânje."

It stjitblok - Foto: Google Street View

De keunstwurken binne net samar fuort te heljen. "Sa'n stjitblok is behoarlik swier", seit Prikken. "Dat moatte se dochs mei in kraan optille. En it byld fan de frou is like grut as in minske."

Ik fyn it wol in hiele stunt, dat moat ik earlik sizze.

Gerrit Prikken kin de aksje wol wurdearje

Ien foardiel hiene de minsken, dy't de keunstwurken meinommen ha, wol: "It siet fêst mei moeren, mar dy binne net fêstlaske", leit Prikken út. "En ik ha al sjoen dat se de moeren losdraaid ha. Se ha de wurken gewoan optild en op in kraan of sa set." As it in âldjiersstunt is, kin Prikken de aksje wol wurdearje. "Ik fyn it wol in hiele stunt, dat moat ik earlik sizze. Knap dat se it prestearje."

Foar de wissichheid hat Prikken wol de gemeente ynljochte, mar ek dêr meitsje se har noch gjin soargen. Prikken: "De gemeente is eigener fan de keunstwurken. Mar dy man dêr makke him ek noch net sa drok. Hy sei: se komme aanst wol wer boppe wetter." It pleatslik belang hat gjin melding dien by de plysje. "Nee, hear. Se meie se 2 jannewaris wer delsette."

Gerrit Prikken

Trefwurden: 
Lippenhuzen âldjiersstunt
(advertinsje)