Flyers winne earste wedstriid yn heale finale beker fan Nijmegen
De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha de earste healefinalewedstriid yn it bekertoernoai wûn. De Feansters, dy't wer útwike moasten nei de Ljouwerter Alvestêdehal, wiene mei 4-3 te sterk foar Devils Nijmegen. Snein is de return yn Nijmegen. Wa't it earst twa wedstriden wint, giet nei de finale.
De Flyers hiene al gau in manmearsituaasje, mar just doe iepene Nijmegen de skoare. Branden Eden makke de 0-1. Noch gjin minút letter benutten de Flyers de powerplay dochs. Mei in goed skot soarge Todd Ratchford foar de 1-1.
Noch betiid yn de earste perioade hie Nijmegen sels in dûbelde powerplay, mar dêr profitearren se net fan. Even letter kamen de besikers wol wer op foarsprong, troch in treffer fan Jim Gudden. Opnij duorre it net lang foar't de Flyers op gelikense hichte kamen. De puck glied nei in skot Adam Bezak troch de fuotten fan Deniz Mollen hinne.
Flyers foar it earst foar
Healwei de twadde perioade kamen de Flyers foar it earst op foarsprong. Mei in hurd skot makke Ratchford syn twadde. Fiif minuten foar de ein fan dy perioade makke ek Eden syn twadde treffer en dus wie it wer gelyk: 3-3. Hast giene de Flyers noch mei in foarsprong it lêste kwart yn, mar Trevor Hunt rekke de peal.
De winnende
Mei noch goed tsien minuten te spyljen yn de wedstriid herovere Jasper Nordemann de puck op de helte fan Nijmegen. Dêrnei soarge Lars den Edel foar de 4-3. Dat wie ek de einstân.
Snein wer
De Flyers steane no dus mei ien wedstriid foar yn de heale finale fan de beker. As se snein yn Nijmegen wer winne, binne de Feansters finalist.