Sven Kramer lit 10 kilometer op NK ôfstannen sjitte

29 des 2018 - 19:21

Sven Kramer komt snein net yn aksje op de 10 kilometer op de NK ôfstannen yn Thialf. Hy stiet net op 'e startlist. Dat betsjut dat hy yn febrewaris op de wrâldkampioenskippen ôfstannen yn Inzell syn titel net ferdigenje kin.

Sven Kramer op de NK ôfstannen yn Thialf - Foto: www.orange-pictures.nl

Nei de 1500 meter fan sneon liet Kramer al witte dat hy twivele oft er de 10 kilometer wol ride soe. Dat is dus net it gefal. Der binne twa startbewizen te fertsjinjen foar de WK ôfstannen. No't de seisfâldich Nederlânsk kampioen op de 10 kilometer snein dus net rydt, mist er op dy ôfstân ek de WK.

Op it lêste wrâldkampioenskip yn 2017 pakte Kramer noch de titel op de 10 kilometer. Dy kin Kramer yn febrewaris no dus net ferdigenje.

Der binne snein fiif ritten. Yn rit 4 ride de twa grutte favoriten, Patrick Roest en Jorrit Bergsma, tsjininoar.

(advertinsje)
(advertinsje)