Gjin rêst foar gasten hospice Snits troch fjoerwurk

29 des 2018 - 18:40

"Doch in bytsje rêstich oan mei fjoerwurk", is de oprop fan de frijwilligers fan hospice De Kime yn Snits. De fjouwer gasten fan de hospice sitte yn de lêste faze fan harren libben, dus dy hawwe graach wat rêst. Mar mei allegear bern om de hospice hinne dy't al drok fjoerwurk oan it ôfstekken binne, is dat lestich.

Fjoerwurk by de hospice

In fjoerwurkferbod sit der net yn. Dat hat de hospice wol oanfrege by de gemeente Súdwest-Fryslân, mar it is neffens de gemeente net te hanthavenjen. Wol soe de gemeente brieven stjoerd hawwe nei omwenners, mei de fraach om in bytsje te tinken om de hospice.

Nei in rûnfraach troch Omrop Fryslân yn de buert die bliken dat dy brief nea oankaam is. Dochs litte in soad omwenners witte dat se wol meitinke wolle mei de hospice.

(Advertinsje)
(Advertinsje)