Sulveren krystbal foar Douwe Visser foar grutte ynset foar it skûtsjesilen

29 des 2018 - 18:04

Skûtsjeskipper Douwe Jzn. Visser hat sneontemiddei de Sulveren Krystbal yn ûntfangst nommen. Dat is in ûnderskieding fan it folkkoar Rolling Home foar minsken of ynstellings dy't wat spesjaals dien hawwe op kultureel of muzikaal gebiet.

Douwe Jzn. Visser - Foto: Martin de Jong

Douwe Visser krige de priis foar syn grutte ynset foar it skûtsjesilen. Hy wie 30 jier skipper op it Snitser skûtsje de Sneker Pan. Dit jier hat er it helmhout oerdroegen oan syn soan Jappie. Douwe is njoggen kear kampioen wurden, de lêste kear yn 2016.

By de útrikking fan de priis yn de Sudertsjerke yn Snits hie foarsitter Henk Huijsman fan Rolling Home moaie wurden foar Douwe Visser: "Een fantastisch zeiler en bovendien een bijzondere persoonlijkheid."

(advertinsje)
(advertinsje)