Janine Smit ferrast troch titel op 500 meter: "Het was echt een goede rit"

Janine Smit fan It Hearrenfean, de nije nasjonaal kampioene op de 500 meter, wie oerfallen troch har titel. "Ik ben nog nooit Nederlands kampioen geweest, dus het was wel een verrassing", sei se nei ôfrin. "Supermooi, ik ben echt ontzettend blij."
Janine Smit Nederlânsk kampioen 500meter
Smit ried boppedat har bêste tiid yn Thialf. "Het was echt een goede rit", sei se. "Er zijn altijd dingen die beter kunnen, maar het was goed." Har doel wie om by de earste trije te einigjen, want dêrmei soe se har kwalifisearje foar de WK ôfstannen. "Ik wilde hier een goede rit neerzetten en dan wist ik dat ik mee kon doen om die eerste drie plekken."
Nei har rit socht se har freon Jesper Hospes, dy't freed njoggende waard, direkt op. "Hij was ook helemaal blij!"
Letitia de Jong sulver op NK 500 meter
Njoggen hûndertste efter Smit einige Letitia de Jong fan Feanwâlden op it twadde plak. Gjin titel dus, mar se pleatst har wol foar de WK ôfstannen. "Dat wie úteinlik it doel." Har race wie net optimaal, sei se. "It gie net hielendal sa as ik it woe. Dat is spitich, want oars hie de winst der miskien wol yn sitten."
Wat mankearre der dan oan? "Ik hie wol in goede start. Normaal is it rûntsje wat mear myn krêft, mar de lêste binnenbocht gie net hiel goed. Op dy hege snelheid litst dan wat lizze en dan nimst ek minder snelheid mei it lêste rjochte stik op."

Goede saken foar EK sprint

Mei har twadde plak docht De Jong ek goede saken foar de pleatsing foar it EK sprint. De bêste rydsters yn in kombinaasjeklassemint oer de 500 en 1000 meter meie dêrhinne. "De 1000 moat noch riden wurde, mar deselden dy't dêr goed op binne, sitte no al wat achter my. Allinnich Janine stiet der krekt foar, mar normaal ryd ik krekt wat hurder as har op de 1000. In prima dei."
Femke Kok nei 500 meter NK
De 18-jierrige Femke Kok ferraste elkenien én harsels mei in dik persoanlik rekôr. De rydster út Nij Beets ried leafst in heale sekonde fan har PR ôf. Se finishte yn 38.54 en dat wie goed foar it fiifde plak. "Ik hie noait ferwachte dat ik sa'n hap fan myn persoanlike rekôr ôfride soe", sei se. "Hiel moai dat it dan by sa'n wedstriid bart."
Ik tocht: 'O, it giet bêst goed, no moat ik trochgean'.
Femke Kok nei har iepening fan 10.7
De start wie direkt goed. "Ik iepenje hast noait 10.7. Dus doe't ik dat op de krusing seach, tocht ik 'o, it giet bêst goed, no moat ik trochgean'. En doe kaam der sa'n moaie tiid út."
Mei har prestaasje soe Kok no ek de wrâldbekerwedstriden ride meie, mar it is noch mar de fraach oft dat yn har drokke skema past, want se rydt noch yn it junioare-sirkwy. "Ik ha der noch hielendal net nei sjoen, nei dat skema. En ik ha it al hiel drok mei al dy junioare-wedstriden, dus we moatte it mar sjen."