Antoinette de Jong pakt NK-titel op 3000 meter, sulver foar Wüst

29 des 2018 - 17:41

Antoinette de Jong hat sneontemiddei yn Thialf op it Nederlânsk kampioenskip de 3000 meter wûn. De reedrydster fan Rottum ried mei 4.00.64 de njoggende tiid ea yn it Fryske iisstadion. It twadde plak gie nei Ireen Wüst mei in tiid fan 4.01.29. Carlijn Achtereekte pakte it brûns mei 4.01.77.

De Jong en Wüst pleatsen har mei harren medaljes foar it WK ôfstannen yn Inzell. In plak by de top-trije jout rjocht op in startbewiis foar dat toernoai yn febrewaris.

Anema diskwalifisearre

De 3000 meter einige foar Reina Anema yn in teloarstelling. De reedrydster fan De Gordyk ried mei 4.04.18 wol in persoanlik rekôr, mar dy sil nea offisjeel de boeken yngean. Anema waard fanwegen in foute wiksel diskwalifisearre.

Har tiid wie al net genôch om har te pleatsen foar it EK allround. De bêste trije froulju yn in kombinaasjeklassemint oer de 1500 en 3000 meter meie nei dat toernoai yn it Italiaanske Collalbo ta. Wüst en De Jong hearden, krekt as Achtereekte, wol by de top-trije fan dat klassemint.

Tafaller Kleibeuker

De diskwalifikaasje fan Anema is foar Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean in tafaller. Sy einige dêrtroch op it fiifde plak en hat har dêrmei yn prinsipe pleatst foar de restearjende wrâldbekers. Yvonne Nauta kaam mei 4.09.41 tekoart foar in topklassearring.

(advertinsje)
(advertinsje)