Ek yn Tresoar komme Boomstra en Schwarzman ta remize
De twadde partij om de wrâldtitel by it damjen is, krekt as de earste, sûnder winner einige. Yn Tresoar yn Ljouwert kamen útdager Roel Boomstra út Grins en de Russyske titelferdigener Alexander Schwarzman nei 41 setten ta remize.
De twa dammers spylje yn totaal tolve partijen tsjininoar. De earste fjouwer binne yn Ljouwert. Dêrfan ha der no dus twa west. Op 2 en 3 jannewaris nimme de twa it, krekt as freed, yn it Stadhouderlijk Hof tsjininoar op.
Nei Ljouwert geane Boomstra en Schwarzman noch nei Grins en Assen ta. As der nei seis partijen allinnich noch mar remizes west ha, komt der in tuskentiidske tiebreak fluch-damjen. Sadwaande is der yn alle gefallen ien partij mei in winner.