Kramer krekt neist NK-poadium op 1500 meter

Sven Kramer is sneontemiddei op it NK ôfstannen yn Thialf fjirde wurden op de 1500 meter. De reedrider fan It Hearrenfean ried 1.45.35 en kaam dêrmei 0.61 sekonde tekoart foar it poadium. It goud gie nei Kjeld Nuis (1.44.02), it sulver nei Patrick Roest (1.44.20) en de brûnzen medalje wie foar Thomas Krol mei in tiid fan 1.44.74.
© OrangePictures
De race fan Kramer wie wol genôch foar pleatsing foar it EK allround yn it Italiaanske Collalbo. De top-trije fan in kombinaasjeklassemint oer de 1500 meter en de 5000 meter krijt in startbewiis foar dat toernoai.
Ek Douwe de Vries mei yn febrewaris nei dat allroundtoernoai. Hy hie in it kombyklassemint in foarsprong fan 0.57 sekonde op Marcel Bosker. Dy foarsprong kaam sneon net in gefaar, want de reedrider fan It Hearrenfean wie mear as in sekonde flugger as Bosker. Patrick Roest einige as earste yn it klassemint en mei dus ek starte yn Collalbo.
Douwe de Vries
De tredde Fries op de 1500 meter, Tjerk de Boer, einige net yn de top. De 19-jierrige reedrider fan Weidum einige mei 1.49.91 as fyftjinde.