Janine Smit pakt titel op 500 meter, sulver foar Letitia de Jong
Janine Smit hat sneontemiddei yn Thialf de Nederlânske titel op de 500 meter wûn. De reedrydster fan It Hearrenfean ried mei 38.22 in nij kampioenskipsrekôr. It sulver gie nei Letitia de Jong fan Feanwâlden mei in tiid fan 38.31. Mei 38.41 wie it brûns foar Jutta Leerdam.
Janine Smit Nederlânsk kampioen 500meter
It goud foar Smit en it sulver foar De Jong jouwe rjocht op in startbewiis foar it WK ôfstannen yn Inzell.
De Friezinnen dogge ek goede saken foar pleatsing foar it EK sprint. De top-trije fan in kombyklassemint oer de 500 en 1000 meter pleatse harren foar dit toernoai yn it Italiaanske Collalbo.
Letitia de Jong sulver op NK 500 meter
Persoanlik rekôr Femke Kok
Ek foar de 18-jierige Femke Kok wie de koartste sprintôfstân in sukses. De reedrydster fan Nij Beets ried mei 38.54 hast in heale sekonde fan har persoanlik rekôr ôf en einige dêrmei op it fiifde plak. Mei dy knappe tiid hat se har pleatst foar de restearjende wrâldbekerwedstriden
Femke Kok nei 500 meter NK
Suzanne Schulting fyftjinde
Sportfrou fan it Jier Suzanne Schulting koe net meidwaan om de prizen. De Olympysk kampioene shorttrack ried 39.25 en einige op it fyftjinde plak. Ek Anice Das (38.79), Michelle de Jong (38.87), Sanne van der Schaar (39.20) en Helga Drost (39.36) pleatsten harren net foar de kommende grutte toernoaien.