Fjouwer nije keunstwurken ûntbleate yn Hallum

Yn Hallum binne sneontemiddei fjouwer keunstwurken ûntbleate. De saneamde 'stekjes' binne ûntwurpen troch Ineke van der Blom en hawwe in relaasje mei it rike ferline fan Hallum as terpdoarp. Sa ferbyldet it keunstwurk oan de grutte trochgeande dyk it silhûet fan in terpdoarp. It moat minsken útnûgje it doarp yn te gean. Ien en oar makket diel út fan it projekt Terpen- en Wierdenland.
Fjouwer nije keunstwurken yn Hallum
Dêrby steane mei elkoar seis terpdoarpen yn Fryslân en Grinslân sintraal. It rike ferline fan de doarpen wurdt dêrby ferbûn mei de doarpen fan no. Der binne oerienkomsten tusken de fjouwer keunstwurken, want yn elts keunstwurk is blêdgoud ferwurke. Alle fjouwer stekken hawwe ek mei-inoar in namme krigen: 'In het licht van ontmoeting'. Want it moatte benammen ek plakken wêze dêr't minsken inoar moetsje kinne.