Wêr binne de letters 'Love Fryslân' bedarre?

29 des 2018 - 13:14

De letters 'Love Fryslân' binne freedtenacht ferdwûn fan in bedriuweterrein fan transportbedriuw Vellema yn Ljouwert. Eigener André Vellema konstatearre sneontemoarn it ferdwinen fan de letters.

Hy hie se sneon binnen sette wollen om foar te kommen dat der in nijjiersstunt mei úthelle wurde soe. De letters, dy't brûkt wurde om Fryslân oan te priizgjen, binne wierskynlik mei in kraantsje oer it stek fan it bedriuweterrein tild. Der is gjin oanwizing efterlitten wa't de letters meinommen hat.

André Vellema

Foto: Merk Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)