Term 'blokkeer-Friezen' op twadde plak ferkiezing Onze Taal

29 des 2018 - 12:34

De term 'blokkeer-Friezen' is twadde wurden yn de ferkiezing fan Genootschap Onze Taal oer it jier 2018. It wurd 'laadpaalklever' einige op iensume hichte boppe-oan mei goed 31 persint fan de stimmen. 'Blokkeer-Friezen' krige mar 13 persint fan de útbrochte stimmen. Op it tredde plak einige it wurd 'vliegschaamte' mei 10 persint fan de stimmen.

A7-blokkade - Foto: Camjo Media

It Genootschap Onze Taal hat yn totaal sa'n 23.000 leden. De útslach waard sneon bekendmakke yn it radioprogramma De Taalstaat op NPO Radio1. De winnende term, 'laadpaalklever', stiet foar 'de bezitter van een elektrische auto die onnodig lang een plek bij een laadpaal bezet houdt'.

De Dikke Van Dale rôp earder dizze moanne de term 'blokkeerfries' út ta wurd fan it jier 2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)