'Achlumers, smyt gjin doekjes yn 'e wc'

Wetterskip Fryslân ropt de ynwenners fan Achlum op om gjin fochtige doekjes mear troch de wc te spielen. It wetterskip skriuwt yn 'e doarpskrante dat it al in hiel skoft lêst hat fan fersmoarging fan it rioelgemaal yn Achlum.
It gemaal moat no om de trije moannen reinige wurde. Dat kostet hast tûzen euro per kear, neffens Wetterskip Fryslân. Dizze problemen dogge har net foar by de oare gemalen yn de omjouwing.
© ANP