Brievebussen yn Drachten mei fjoerwurk opblaasd

29 des 2018 - 10:32

Yn Drachten binne freedtejûn mei fjoerwurk brievebussen by in flat opblaasd. De eksploazje makke in gat yn de bussen en der sneuvele ek in rút. Bewenners fan de flat kinne de kommende tiid gjin post yn de bus krije.

De plysje hat yn de omjouwing fan de flat oan de Melkkelder noch socht nei de dieders, mar safier bekend net ien oantroffen.

Foto: Srfotografie
Trefwurden: 
plysje Drachten brievebus
(Advertinsje)
(Advertinsje)