Omrop TIP: Thús yn taal

29 des 2018 - 09:27

Ofrûne jier wie Ljouwert letterlik it 'Lân fan taal' ûnder LF2018. De stêd as it sintrum fan meartaligens, mei besikerssintrum Obe as tagongspoarte. Wat is it plak fan it Frysk yn in wrâld mei 7.000 talen? Neffens programmadirekteur Siart Smit fan Lân fan taal moatte we yn elk gefal ophâlde mei it kleien oer de Fryske taal. Want kleie is net oantreklik. Siart en syn Sweedske frou Karin Andersson witte as gjin oar hoe't taal de tagong wêze kin nei de oar.

Foto: LF2018

Thúshearre

Yn in lân wêryn't hieltyd mear talen sprutsen wurde, lûke we mear en mear de grins tusken sy en wy. Lotte Thissen promovearre dit jier oan de universiteit fan Maastricht op har proefskrift oer taal en thúshearre. Neffens har moatte we ophâlde de fraach te stellen wêr't ien wei komt, want mei dy fraach slute je minsken bûten. Se sprekt út eigen ûnderfining. Foar har ûndersyk rûn se mei by karnavalsferiening de Katers yn Maasniel, Roermond.

Friezen om utens

Wat docht taal mei je gefoel fan thúsfiele? Hoe rekkest thús yn in nije taal? Wat litte je efter? Friezen om utens fertelle iepenhertich: "As ik troch it doarp fyts en se sizze: 'goeie Aafke', dan wit ik dat ik net in frjemde wurden bin yn myn heitelân."

Karst Draaisma en syn frou Paulien Leisink binne nei har aventoer yn Sina werom yn Nederlân. Yn harren húshâlding wurdt Nederlânsk, Ingelsk, Sineesk en Frysk praat. Troch ferbining te sykjen mei oare minsken hoopje sy har wer gau thús fiele te kinnen.

De Fryslân DOK dokumintêre 'Thús yn taal' is snein 30 desimber fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)