I Oosterstreek: Fryske âldjiersstunt yn Amsterdam

29 des 2018 - 09:08

Aldjiersferiening D'Olde Togers fan Easterstreek hat sneontemoarn betiid in stunt úthelle yn Amsterdam, troch wer letters te pleatsen foar it Ryksmuseum yn de Nederlânske haadstêd. Yn stee fan it resintlik fuorthelle 'I amsterdam' stiet der no 'I Oosterstreek'.

De letters binne makke fan purskom en mochten fan de plysje stean bliuwe oant njoggen oere dyselde moarn. Doe gie it Ryksmuseum iepen.

Mei de stunt wol de feriening it doarp Easterstreek op 'e kaart sette. Nei de stunt komme de letters yn it doarp sels te stean, fertelt foarsitter Jeroen Hessels.

Moaie reaksjes

''Wy binne fan 'e moarn om trije oere yn 'e auto stapt", fertelt Hessels. "It wie doe noch frij rêstich yn Amsterdam en wy hawwe yn alle rêst de letters delsette kinnen. Wy krije hiele moaie reaksjes, en ek de plysje kin it wurdearje!"

Foarsitter Jeroen Hessels

Dizze moanne waarden de letters 'I amsterdam' fuort helle by it Ryksmuseum. It soe neffens it gemeentebestjoer te yndividualistysk wêze. De libbensgrutte letters wiene in toeristysk punt yn 'e stêd.

Foto: Jeroen Hessels
(advertinsje)
(advertinsje)