Waadeilannen sykje oplossingen foar famylje fan sike eilanners

29 des 2018 - 08:04

It is noch net wat it wie, mar famylje fan sike eilanners hat foar de koarte termyn wer keamers dêr't sy ferbliuwe kinne op de fêste wâl. Dit kear net njonken it MCL, mar yn it Ljouwerter sikehûs sels. It giet om sân keamers. Dat is dúdlik wurden yn in petear tusken it sikehûs en bestjoerders fan Flylân en Skylge.

Foto: Omrop Fryslan, Onno Falkena

Earder koe der ferbleaun wurde yn it Ronald McDonaldhûs, mar dat is sûnt novimber ticht. Foar in oplossing foar de lange termyn moat der noch in soad wurk ferset wurde.

Eilânhûs

Wethâlder Jeltje Hoekstra fan Skylge sit te tinken oan in soarte fan eilânhûs en dan net allinnich foar Skylge en Flylân. Ek Texel, Amelân en Skiermûntseach hawwe ferlet fan sa'n selde soarte foarsjenning. As der wat komt, sil it grif lytser wurde as it earder Ronald McDonald hûs, ferwachtet Hoekstra.

Eilanners binne ek wol ree om jild yn te sammeljen foar sa'n selde soarte foarsjenning. "As je sjogge wat der op Skylge ophelle waard foar it Ronald McDonaldhûs, dan komt dat wol klear", seit de wethâlder.

Wethâlder Jeltje Hoekstra fan Skylge

Trefwurden: 
Ljouwert keamers eilannen
(Advertinsje)
(Advertinsje)