Kollum: "Holocaust"

29 des 2018 - 07:25

"Op dizze lêste sneon fan it jier woe ik it mar even oer de histoarje ha. Soks past wol yn dizze tiid, elkenien sjocht werom. Mar, it weromsjen mei tsjintwurdich net mear sear dwaan, sa docht bliken. Predikant Martin Theile fan de Evangelische Broedergemeente Amsterdam-Stad en Flevoland giet dêryn nochal fier. It is tsjintwurdich moade om ús ferline wat te retoucheren, om it mar yn geef Frysk te sizzen.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Sa liket it dat we ôfrekkenje wolle mei de swarte siden yn de skiednis. Dizze dominy Theile wol eins dat we it wurd slaaf net wer werom fine yn in nije fertaling fan de Bibel. Hy preket foar in soad Surinaamske minsken en wit hoe grut it trauma is dat dy mei harren meitille as it om slavernij giet. Dus is de oplossing om it wurd mar te ferfangen troch knecht of dienaar, sa stelt Theile.

It is om gek fan te wurden. In slaaf wie no net echt te fergelykjen mei in knecht of wol feint. In slaaf wie in liifeigene. Immen dy't eigendom wie fan de persoan dy't foar him as har betelle hie. Ja, dat is in traumatysk ferline. Freeslik. Mar neffens my totaal gjin reden om it wurd dan mar fuort te heljen en dêrmei yn de Bibel de hjoeddeistige moraal te folgjen. De moraal fan alles mar ferjitte of sêfter klinke litte wat ferkeard wie en dêrmei in skyngefoel fan 'alles is goed' te kreëarjen. Wat in flauwekul.

De skiednis sit stikfol mei swarte siden. En ek yn 2018 binne der wer siden fol swarte saken bard dy't we nea ferjitte moatte. Sterker, it is ús plicht om dy saken te ûnthâlden en te betinken. Om der learing út te lûken en om te foarkommen dat yn ús wrâld dêr't we no yn libje dat wer barre sil. Slavernij is ien fan de saken dêr't we eins alle jierren wiidweidich by stilstean moatte soenen. Om te betinken wat der mis gien is en derfan bewust te wêzen dat it barre kin en dus troch der omtinken oan te jaan alle kearen wer ús ynprintsje moatte dat we dy side net werhelje wolle.

It kollektive opleine ferjitte of sêfter klinke litte wolle wat ferkeard wie yn ús skiednis, draacht by oan in ferearming fan ús mienskip, krekt it omkearde fan wat dominy Theile tinkt dat it bringe sil. It strúsfûgelgedrach fan de minsken dy't alles mar ferjitte of sêfter klinke litte wolle en dêrmei miene dat it net bard is of minder sear docht, is skealik, dom en gefaarlik. Dus ja, it is freeslik wat de Surinaamske foarâlden meimakke ha. Dus ja, we moatte mei alle middels dy't we ha, foarkomme dat soks nochris barre sil. Mar net troch it dea te swijen, mar krekt troch it alle kearen wer te beneamen. En ja, dat docht alle kearen wer sear. En nee, sa reitsje we der nea ôf. Mar dat kin (en mei) ek net, omdat it ús oerkaam is. Dus sille we der allegearre mei libje moatte.

Eins soe ik dêr noch in stap fierder yn gean wolle. It gedrach fan dominy Theile makket my kiezzich. It is in oanset ta in wrâld wêryn't we alle kwea dat ea bard is mar ferjitte, omdat it sear docht. Dusss, en de holocaust dan mar net mear yn dizze foarm betinke, hear Theile? Omdat it sa sear docht by de neibesteanden? Of wolle je dêr foar it gemak ek mar in oare namme oan jaan? Omdat it dan wat minder sear docht?

De wrâld hat in skiednis. Dêrfan is in grut part net sa fraai. It is sa as it is. Dat we it nea ferjitte meie.

In goed 2019 tawinske."

(Advertinsje)
(Advertinsje)