Bergsma "bliid" nei 5000 meter, Kramer "net hiel min"

28 des 2018 - 22:55

Jorrit Bergsma krige nei ôfrin fan syn race op de 5000 meter, wêrop't er twadde waard, fan alle kanten de kompliminten. Sels wie er ek tefreden: "Ik bin wol bliid mei de rit dy't ik delset ha", sei er. "It giet hjir dochs om kwalifikaasje en de bedoeling wie om in goede en strakke rit del te setten."

De titel siet der dus krekt net yn, dêrfoar wie Patrick Roest freed te goed. "Mar ik bin bliid mei hoe't it gong", sei Bergsma. "As it even kin, pakke je de titel. Mar Patrick Roest is gewoan yn goeie foarm en dy hat fertsjinne wûn."

Sven Kramer pakte foar it earst yn seis jier net de nasjonale titel op de fiif kilometer. "Dat is seker wenne, mar net bot. En as ik sjoch nei de ôfrûne tiid, is dit net hiel min."

Healwei syn race tsjin Roest ried Kramer in rûntsje 28.8. "Ja, dat wie wol goed, mar krekt wat te betiid. Skande."

Douwe de Vries einige op it minste plak: fjirde. "Net allinnich gjin poadium, mar de earste trije geane ek noch nei it WK en dêr sit ik net by. Dat is kloate", sei de rider fan It Hearrenfean.

Ik bin der echt foar gong, mar dit wie gewoan krekt wat te heech grepen.

Douwe de Vries oer de tiid fan Jorrit Bergsma

Roest, Bergsma en Kramer binne normaal ek de favoriten, mar De Vries joech himsels wol kânsen: "By de ôfrûne wrâldbeker siet ik ek mar in sekonde achter Jorrit. Hy moast no earder as my, dus ik koe syn tiid sjen. En dat wie gewoan in hiel goede tiid, wylst it iis foar myn gefoel wat minder rap is. Dus doe tocht ik al: no moat ik wol hiel hurd ride. Dat ha ik ek dien, ik bin der echt foar gong, mar dit wie gewoan krekt wat te heech grepen foar hjoed."

En dus giet De Vries net nei it WK ôfstannen. "Dat wie myn haaddoel en dat is net slagge. No besykje ik it EK allround te heljen. Ek hiel leuk, mar ik ryd leaver it WK ôfstannen. Dat woe ik echt hiel graach. Moarn mei frisse moed mar wer ride."

(advertinsje)
(advertinsje)