Kampanje foar feiligens helpferlieners mei jierwiksel: "Achter ieder uniform zit een mens"

28 des 2018 - 22:15

De plysje begjint op sosjale media in kampanje wêryn't se omtinken freegje foar de feiligens fan helpferlieners mei de jierwiksel. Yn fjouwer filmkes wolle se sjen litte dat de minsken yn unifoarm dochs ek foaral minsken binne: de fideo's gean oer de priveelibbens fan de helpferlieners.

De haadpersoanen yn de filmkes binne in plysje, in brânwachtman, in ambulânsemeiwurker en in bûtengewoan opspoaringsamtner (boa). De kampanje hat as titel 'Achter ieder uniform zit een mens. Laat ons veilig hulp verlenen'.

De fideo's wurde tusken de krystdagen en âld en nij dield op de sosjale mediakanalen fan helpferlieningstsjinsten en gemeenten. Se binne yn it earste plak bedoeld foar plakken dêr't de jierwiksel de ôfrûne jierren ûnrêstich ferrûn.

It Iepenbier Ministearje hat oankundige agresje en geweld tsjin helpferlieners mei âld en nij hurd oan te pakken. De strafeask kin dit jier 200 persint heger útfalle.

(advertinsje)
(advertinsje)