Stroetinga wint goud op de scratch by NK baanhurdfytsen

28 des 2018 - 22:15

Wim Stroetinga fan Terwispel hat freed goud wûn op it NK baanhurdfytsen yn Apeldoorn. Hy wie de rapste op it ûnderdiel scratch. It sulver wie foar Jan-Willem van Schip en it brûns gie nei Roy Eefting. De manlju rieden by de scratch 60 rûntsjes. Wa't as earste oer de finish kaam, wie kampioen.

Wim Stroetinga yn it midden - Foto: www.orange-pictures.nl

Stroetinga besocht yn de finale al fuort te kommen mei in pear oare hurdfytsers, maar sette dy oanfal net troch. "Ik wilde, toen alles samen was, van ver aangaan en probeerde de tegenstand wat hoog te houden", seit Stroetinga. "Wie er daarna in de laatste ronde nog overheen kon komen, was gewoon de beste geweest. Maar gelukkig bleek ik dat."

En de Terwispeler wie wiis mei syn titel: "Soms zeiden NK's me niet zo veel, maar ik had deze titelstrijd echt nodig om richting de Zesdaagse van Rotterdam de vorm aan te scherpen."

Wim Stroetinga as earste oer de finish - Foto: www.orange-pictures.nl

Sneon komt Stroetinga noch yn aksje op de puntekoers en in dei letter, tegearre mei Yoeri Havik, op de koppelkoers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)