Roest is Bergsma en Kramer wer de baas op 5000 meter

28 des 2018 - 21:39

Jorrit Bergsma en Sven Kramer binne der freedtejûn net yn slagge Nederlânsk kampioen op de 5000 meter te wurden. De Fryske reedriders pakten beide wol in medalje. It sulver gie mei 6.12.68 nei Bergsma, wylst Kramer brûns pakte mei 6.13.82. Patrick Roest wie krekt as op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai de rapste: hy siet mei 6.09.36 mar krekt boppe it baanrekôr.

Jorrit Bergsma

It is al de tredde kear dit seizoen dat Kramer in wedstriid oer 5000 meter net wit te winnen. Ek twa wiken lyn op de wrâldbeker yn Thialf gie de reedrider fan It Hearrenfean der net mei it goud fantroch. Doe wiene de Rus Danila Semerikov (goud) en wer Patrick Roest (sulver) him te fluch ôf.

Sven Kramer

Startbewizen WK

Mei de poadiumplakken hawwe Kramer en Bergsma harren wol pleatst foar de 5000 meter op de WK ôfstannen yn Inzell. In plak by de bêste trije jout rjocht op in startbewiis foar dat toernoai yn febrewaris.

Douwe de Vries

Mear Friezen

Douwe de Vries kaam mei 6.16.69 tekoart foar it poadium. Hy einige as fjirde. De striid tusken de bruorren Bob en Bart de Vries waard wûn troch Bob. Hy ried 6.23.27, wylst Bart net hurder koe as 6.26.64. Marwin Talsma fan Grou waard mei 6.36.53 teloarstellend santjinde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)