Ireen Wüst nei achtste titel: "Ik wist niet hoeveel ik er had"

Reedrydster Ireen Wüst wist foar de start fan de 1500 meter op it NK ôfstannen net presys hoefolle titels oft se al hie. "Bij de start hoorde ik dat het er zeven waren. Dus nu acht, dat is wel bijzonder", sei se nei har race. Se wûn freed yn Thialf yn in tiid fan 1.55.39. En nettsjinsteande alle oare prizen, wie se dochs gewoan bliid: "Hartstikke mooi, een titel is een titel."
Ireen Wüst foar achtste kear Nederlânsk kampioen op 1500m
Alle titels byhâlde is foar Wüst ek hast gjin dwaan. "Daar zijn de schaatsstatistieken voor. Zodra ik mijn schaatscarrière heb beëindigd, ga ik wel een keer achteromkijken naar wat ik heb. En natuurlijk weet ik wel hoeveel olympische titels ik heb."
Har tiid wie freed wol wat minder rap as twa wiken lyn mei de wrâldbeker yn Thialf - doe ried se in nij baanrekôr - mar dochs wie se tefreden oer har race. "In de hele breedte is het wat minder snel dan twee weken geleden. Het was niet zo goed als toen, maar oké." Der wie noch wol in spannend momint, op de krusing mei Joy Beune. "Ik heb niet vaak dat er dan iemand ongeveer naast me zit, maar dan moet je gewoon doorgaan."

De Jong kritysk

Antoinette de Jong waard twadde mei in tiid fan 1.56.04. Sy hie noch genôch oan te merken op har race. "Ik hie better ride wollen", sei se. "Dat is technysk sjoen net slagge. Mar mei in twadde plak en in WK-ticket mei ik net kleie."
Antoinette de Jong NK-sulver op 1500m
Yn de training fan freedtemoarn ried De Jong better, sei se sels. "Dat gie hiel goed en dat joech fertrouwen. Mar yn de moarn ride is wol kompleet oars mei no. Ik hoopje gewoan dat ik se sneon op de 3000 meter wol reitsje."
Op dy ôfstân is De Jong de favoryt. "It fielt ek hartstikke goed, mar wolst ek technysk goed ride. Dat moat aanst op it WK ek gebeure, dus dan kin dat better no ek mar."