It giet oan: reedrydbankjes yn de Ryptsjerksterpolder

Natuerbehearorganisaasje It Fryske Gea pleatst mobile bankjes by de Ryptsjerksterpolder foar wannear't der iis leit. Minsken dy't dêr reedride - faak it earste natueriisplak dêr't soks kin - hiene dêrom frege. Dan kinne se makliker de redens ûnderbine.
© It Fryske Gea
De banken binne mobyl, sadat se bûten it reedrydseizoen wer fuortkinne en earne bewarre wurde kinne. It stean litten fan de bankjes is gjin opsje, want dat soe foar betizing soargje. It gebiet is nammentlik allinnich tagonklik foar publyk yn it reedrydseizoen.
Njonken de bankjes sil It Fryske Gea ek spandoeken ophingje as der langere tiid iis leit. Sa wolle se de riders wolkom hjitte. De tagong fan de Ypey-polder is boppedat opknapt, mei in nije tagongsdaam mei in klapstek.