DDFK nimt rom foldwaande minsken mei arbeidsbeheining yn tsjinst

Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân, de gemeenten dy't yn 2019 fusearje sille ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân, hawwe yn it ôfrûne jier ynset op it oannimmen fan minsken mei in arbeidsbeheining. Yn totaal binne der 25 minsken oannaam. De ôfspraken en doelstellingen komme út it Sosjaal Akkoart dat de oerheid, it bedriuwslibben en de fakbûnen yn 2013 sletten ha.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Wethâlder Paul Maasbommel
"Wij zitten ruim boven de doelstelling die we zouden moeten halen op dit moment", seit wethâlder Paul Maasbommel. "We moesten 14,6 mensen of fte in dienst nemen. Dat klinkt heel vreemd, maar dat is de berekening. En daar zaten wij boven."
It giet om saneamde 'afspraakbanen'. "Voor mensen die moeilijk een baan bij een reguliere werkgever kunnen vinden en die dus een steuntje in de rug nodig hebben", seit Maasbommel. Sûnt 1 jannewaris 2015 kinne dy net mear telâne by de sosjale wurkfoarsjenning.
Yn it Sosjaal Akkoart is ôfpraat dat der yn 2026 125.000 ekstra banen foar minsken mei in arbeidsbeheining kreëarre wêze moatte; 25.000 dêrfan by de oerheid en de rest by it bedriuwslibben. In soad oerheidsorganisaasjes bliuwe lykwols achter.