Wüst foar achtste kear Nederlânsk kampioen op 1500 meter

28 des 2018 - 19:49

Ireen Wüst is freedtejûn foar de achtste kear yn har karriêre Nederlânsk kampioen wurden op de 1500 meter. De reedrydster fan It Hearrenfean ried yn Thialf 1.55.39. De sulveren medalje gong nei Antoinette de Jong fan Rottum mei 1.56.04. Melissa Wijfje pakte it brûns mei in tiid fan 1.56.70.

Ireen Wüst foar achtste kear Nederlânsk kampioen op 1500m

Mei de gouden en sulveren medalje foar respektyflik Wüst en De Jong hawwe sy harren pleatst foar it WK ôfstannen yn it Dútske Inzell yn febrewaris. Ek foar pleatsing foar it EK allround dogge de froulju goeie saken. De bêste trije froulju oer de 1500 en de 3000 meter pleatse harren foar it toernoai yn it Italiaanske Collalbo.

Antoinette de Jong NK-sulver op 1500m

Oare Friezinnen

Reina Anema fan De Gordyk waard achtste mei in persoanlik rekôr fan 1.58.09, wylst Sanne van der Schaar fan Harns mei 1.58.69 op it tsiende plak einige. Ek Femke Kok wie noch nea flugger as freedtejûn. De reedrydster fan Nij Beets ried 2.00.26 en kaam dêrmei op it trettjinde plak. Marijke Groenewoud fan Hallum waard njoggentjinde mei 2.03.96.

(Advertinsje)
(Advertinsje)