Hospes teloarstellend njoggende op 500 meter NK ôfstannen

28 des 2018 - 19:02

Jesper Hospes is freedtejûn op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen yn Thialf njoggende wurden. De reedrider fan It Hearrenfean ried 35.22 en wie dermei 0.62 sekonden stadiger as winner Ronald Mulder.

Jesper Hospes

Dai Dai Ntab wûn sulver mei 34.72, wylst de brûnzen medalje nei Jan Smeekens gie. De reedrider, dy't op it stuit yn Snits wennet, ried 34.88.

Jesper Hospes yn Thialf - Foto: orange-pictures.nl

Startbewizen te winnen

Op it NK binne neist de medaljes ferskate startbewizen te sammeljen. Hospes die ûnder mear in goai nei in ticket foar it WK ôfstannen. Dêrfoar hie er op it poadium einigje moatten, mar dêrfoar kaam er dus 0.34 sekonden tekoart.

De Fries hat noch wol kâns op in ticket foar it Europeesk kampioenskip sprint, mar mei it njoggende plak op de 500 meter hat er gjin goede papieren. De top-trije oer de 500 meter en 1000 meter pleatst har foar it EK yn it Italiaanske Collalbo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)