KOZP makket beswier tsjin boargemasters, ûnder wa Crone

De aksjegroep Kick Out Zwarte Piet (KOZP) hat beswieren yntsjinne tsjin it hanneljen fan acht boargemasters yn Nederlân, ûnder wa Ferd Crone fan Ljouwert. Dat seit har advokaat Wil Eikelboom. Neffens de groep binne de anty-Swarte Pite-demonstraasjes by de lokale yntochten ûnrjochtmjittich beheind of ferbean troch de boargemasters. Dy yntochten wiene op 17 en 18 novimber.
Joyce Beukema fan KOZP yn Ljouwert yn petear mei Ferd Crone © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De groep hat ek beswieren yntsjinne tsjin de boargemasters fan Den Haag, Den Helder, Hilversum, Rotterdam, Tilburg, Weesp en Zwolle. Yn totaal demonstrearre KOZP yn trettjin gemeenten tsjin de tradisjonele en neffens har rasistyske ferskining fan Swarte Pyt.
Omdat der driging wie fan tsjinaksjes mei geweld troch Swarte Pyt-foarstanners, leinen boargemasters KOZP beheiningen op. Yn Ljouwert woe KOZP yn de Prinsetún lâns de rûte demonstrearje, mar moast de groep fan de gemeente op it Saailân stean. Dêr kaam op de dei fan de yntocht ek in grutte groep foarstanners nei ta. Sy besochten de demonstranten oan te fallen. De ME griep yn.
Mei de beswieren dy't KOZP no yntsjinnet, beropt de groep him op wetjouwing dy't seit dat boargemasters har ta it uterste ynspanne moatte om in demonstraasje te fasilitearjen binnen sicht- en hearôfstân fan dat wêrtsjin't demonstrearre wurdt. Neffens advokaat Wil Eikelboom wie dat net yn alle gemeenten it gefal.

'By de les hâlde'

Neffens KOZP-foarman Jerry Afriyie hat bliken dien dat "het geweld, de haat en de ordeverstoringen" komt fan de kant fan de "pro-pieten". Mei de yntsjinne klachten wol KOZP de gemeenten 'by de les hâlde'.