Poppoadium Asteriks nimt ôfskied fan de Blokhúspoarte

It is it lêste wykein fan poppoadium Asteriks yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It poadium kin de hier fan de konsertseal net mear betelje, no't it dêr folle kommersjeler wurdt. Dat is oan 'e iene kant spitich, fine se by it poppoadium, mar oan 'e oare kant jout it ek wer kânsen.
Asteriks
Asteriks organisearret konserten en hie sûnt 2010 in fêst plak yn de âlde finzenis. It kollektyf bestiet folslein út frijwilligers en hat op ien lytse subsydzje nei, gjin inkelde finansjele stipe fan de oerheid. Donateurs hâlde it poppoadium yn libben.

Op 'e strún

No't de tiid yn de Blokhúspoarte foarby is, komt der in soarte fan 'nomadebestean'. Se sille op 'e strún troch de stêd foar nije mooglikheden om kreative aktiviteiten en konserten te organisearjen, sa as se oant no ta ek al diene. Der is dan ek net in soad stress oer it ophâlden fan it poadium yn de eardere finzenis.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Poppoadium Asteriks nimt ôfskied fan de Blokhúspoarte
Der binne mear lokaasjes dêr't briedplakken foar keunst en kultuer ûntstean kinne, seit Koen Haringa fan it kollektyf. Dochs hat hy wol wat dreamen oer eventuele ferfangers fan de Blokhúspoarte. It eardere postsortearsintrum fan PostNL soe bygelyks in moai plak wêze. Mar ek de Westertsjerke en sealen Schaaf lykje Haringa geskikte plakken.

Utswaaifeest

De gemeente Ljouwert tinkt neffens him goed mei Asteriks mei. Se nimme lykwols de tiid en sille dit wykein foaral in moai ôfskiedsfeest hâlde. Freedtejûn is der in konsert en sneontejûn is der it útswaaifeest. Dat is stiif útferkocht.