Mear greidefûgels yn reservaten fan Natuurmonumenten

Mei in soad greidefûgels yn de reservaten fan Natuurmonumenten yn Fryslân is dit jier goed gong. Op 510 bunder greidefûgelreservaat ha der 460 spantsjes skries brieden, 225 spantsjes tjirk, 40 spantsjes ljurken en ek binne der noch 76 strânljippenêsten fûn.
Skries yn it boerelân © Omrop Fryslân
Dêrneist wiene der noch hûnderten briedgefallen fan oare fûgelsoarten. It giet dan om de greidefûgelgebieten Skrok, Skrins, de Lionspolder, de Filenspolder en it Hegewiersterfjild.
Mei de ljip gong it dúdlik minder; it oantal briedgefallen gong omleech fan 327 nei 291. Dat kaam foaral troch rôfdieren, al gong it yn it Hegewiersterfjild noch wol opfallend goed. Mooglik kaam dat trochdat der noch hiel lang guozzen sieten.
De skries die it goed mei 74 ekstra briedpearen neffens 2017. Opfallend is dat yn natuergebiet Skrok by Easterein in hiel behoarlik oantal briedgefallen realisearre is, wylst yn it gebiet ek in spantsje brune hoanskrobbers briede.