Gemeente Flylân docht oprop: gjin fjoerwurk yn de natuer

28 des 2018 - 17:14

Omdat de natuer noch hieltyd drûch is, ropt de gemeente Flylân eilanners en toeristen op foarsichtich te wêzen mei it ôfstekken fan fjoerwurk.

Yn de gemeentlike nijsbrief wiist de gemeente derop dat der de ôfrûne tiid al wol wer wat rein fallen is, mar dat dat oan de drûge natuer noch net folle feroare hat.

De gemeente wiist der fuort ek op dat yn de Doarpsstrjitte op it eilân tusken tolven en ienen gjin fjoerwurk ôfstutsen wurde mei, omdat dêr neffens de tradysje dan mei brommers trochhinne riden wurdt.

Trefwurden: 
Flylân fjoerwurk
(advertinsje)
(advertinsje)